Noardlike lobby Gerjochtshôf

24 mrt 2009 - 23:10

De trije noardlike provinsjes wolle it gerjochtshôf yn Ljouwert hâlde. Se hawwe dat mienskiplik by it Ryk oanjûn. Dat sei Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma tiisdeitejûn by in VVD-gearkomste by de bedriuwe-kontaktdagen yn Ljouwert.

Der binne lûden dat it Gerjochtshôf mooglik fan Ljouwert nei Grins ta ferhúzje sil. De noardlike lobby moat dat foarkomme. Jorritsma wol fierder dat Fryslân yn it SNN bliuwt, it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)