Provinsje bellet oer min nijs

24 mrt 2009 - 21:49

Wa't subsydzje of in fergunning oan de provinsje freget mar dat net krijt, hoecht dat tenei net mear út in yngewikkelde brief of de krante te fernimmen. Provinsjeamtners sille tenei even belje as minsken net de subsydzje of fergunning krije dy't se oanfrege ha.

De ferwachting is dat minsken dan minder faak beswier meitsje of nei de rjochter stappe as se it boadskip al fernaam ha foardat se in ôfwizing yn amtlik jargon oer de post krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)