CTO-status foar It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
It Hearrenfean hat tiisdeitemiddei yn Den Haach de Centrum voor Topsport en Onderwiis, de CTO-status krigen. Dat hâldt yn dat sporters har op sport rjochtsje kinne en it CTO soarget foar ûnderwiis en medyske foarsjennings, lykas in medysk sintrum foar sportblessueres en revalidaasje.
It Hearrenfean is al jierrenlang oan de gong mei it binnenheljen fan de status, dy´t 1,5 miljoen euro opsmite sil. It doel is om it nivo fan sporters omheech te bringen.