Provinsje skriuwt kabinet

© Omrop Fryslân
Fryske bouprojekten moatte earder útfierd wurde, as it kabinet in spesjale krisiswet oannimt om ferskate saken 'regelfrij' út te fieren.
De provinsje stjoert woansdei in brief nei it kabinet, wêryn't frege wurdt it ferkearsknipepunt by De Jouwer, it Drachsterkompleks yn Ljouwert, de N31 by Harns en de ferdûbeling fan de spoarline tusken Ljouwert en Grins sa gau as mooglik op te pakken.