Twadde fertochte saak Noordink

Joanne Noordink wurdt sûnt 11 desimber fermist
De plysje fan Gelderlân hat in twadde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei de ferdwining fan Joanne_Noordink út Aalten. Moandeitemiddei waard al in fertochte (49) út Eaststellingwerf oanhâlden. Dizze man wurdt fertocht fan heling fan de guod fan de fermiste frou.
De twadde fertochte dy´t tiisdei oanhâlden is, in 32-jierrige plakgenoat fan Noordink, wurdt fertocht fan belutsenheid by de ferdwining.