Fryske ballejonges by WK

© Omrop Fryslân
Trije Fryske bern binne selektearre om ballejonge te wêzen by de WK kwalifikaasjewedstriid Nederlân-Skotlân. It giet om Mark Veenstra (15) fan Wâlterswâld, Demi_Roggeveen (12) fan Frjentsjer en Ruben_Bonnema (13) út Oranjewâld. Sy dienen op 20 febrewaris mei oan de noardlike seleksjedei dy´t op It Hearrenfean hâlden waard. 240 bern dienen dêr oan mei.
De trije Friezen meitsje har debút op 28 maart yn de Amsterdam Arena.