Lêste boekebus yn Menameradiel

Mear as 25 jier wie de bibliobus in begryp yn de doarpen. In soad skoalklassen mar ek partikulieren lienden sa in soad boeken. De service wurdt de gemeenten lykwols te djoer en dêrom ferdwynt de bibliobus út it strjitbyld fan Noardwest-Fryslân.
Yn Bitgummole koene skoalbern tiisdei harren boeken noch ynleverje by de fêste meiwurkers op de bus. Yn Menameradiel komt yn de doarpen in lytse biblioteekfoarsjenning yn doarpshûzen en skoallen