Vermilion: fierder mei Achlum

© Omrop Fryslân
Gas- en oaljebedriuw Vermilion giet troch mei gaswinning yn it gebiet by Achlum. Neffens it bedriuw sil dêr gjin grûndelgong ûntstean, wat ek troch de minister en it wetterskip ûnderskreaun wurdt. Vermilion seit tiisdei fierder de útkomst fan it keamerdebat fan ôfrûne wike spitich te finen. Doe is besletten dat foarearst gjin gas en sâlt wûn wurde mei yn de regio Harns-Frjentsjer.
Vermillion seit dat it beslút gjin gefolgen hat foar oare boarlokaasjes.