Op 'e nij seehûn oanspield

Foto: seehûnekresj Pieterburen
Yn seehûnekresj Pieterburen is op ´e nij in swarte seehûn binnen brocht. Black Beauty, de namme dy´t it bistke meikrigen hat, waard snein fûn op Skylge en is noch mar in pear wike âld. It hat lêst fan in fikse longûntstekking.
Swarte seehûnen binne tige seldsum neffens de seehûnekresj. Mar twa kear earder waard in swarte seehûn opfongen yn de kresj. Dat wie yn 2005 en 2007.