N31 ôfsletten foar rinbrêge

24 mrt 2009 - 10:10

De N31 tusken Harns en Surch is takom wykein folslein ôfslettten by de ôfrit Surch. Dan wurdt dêr in rinbrêge pleatst. Ferkear wurdt omlaat oer Wytmarsum en Boalsert. Buorden jouwe de rûtes oan.

De rinbrêge wurdt yn trije parten nei it plak brocht en dêr ynelkoar laske. Oer twa wiken kinne minsken de brêge brûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)