Man ferwûne troch muorre

24 mrt 2009 - 10:05

In meiwurker fan in boubedriuw op De Jouwer is moandei ferwûne rekke nei't in stik muorre fan 100 kilo op him foel. Hy wie dwaande mei wurksumheden op it dak fan it bedriuw doe't de muorre fan gipsblokken omfoel.

Ambulânsemeiwurkers hawwe de man ûnder de muorre wei helle, de brânwacht hat him mei in heechwurker fan it dak helle. De man is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)