'Fan ûnderen op' wol leven

Nó noch gemeente Nijefurd
De wurkgroep ´fan ûnderen op´ ropt ynwenners fan de gemeente Nijefurd op safolle mooglik leven te meitsjen by de riedsgearkomste oer de weryndieling. Dat moat om de ûnfrede te uterjen oer hoe´t de foarming fan ien gemeente Súdwesthoeke no organisearre wurdt.
Neffens ´fan ûnderen op´ hat der te min ynspraak west. Se hoopje dat de riedsleden op de gearkomste fan 20 april troch de koer falle as se ûnder druk har stânpunt ferdigenje moatte.