Wenplan De Pein grut sukses

24 mrt 2009 - 09:50

Mear as hûndert ideeën foar it wenplan fan de takomst by De Pein binne binnenkommen by de gemeente Smellingerlân. Dêrmei is dy unike oanpak in grut sukses, want it is foar it earst dat minsken út it hiele lân fia ynternet meidwaan kinne oan de diskusje oer it nije plan op de 17 bunder grûn by De Pein.

It doel is om de plannen yn 2010 út te fieren sa't se de kommende tiid op ynternet gearstald wurde. De plannen moatte wol duorsum en fernijend wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)