Haadkantoar AB Fryslân fuort

24 mrt 2009 - 07:12

Fryslân ferliest opnij in haadkantoar oan in buorprovinsje. Nei it kantoar fan de Keamer fan Keaphannel en it noardlike kantoar fan it ministearje fan Lânbou giet no it haadkantoar fan útstjoerorganisaasje AB Fryslân nei Middenmeer yn Noard-Hollân.

Dat is it gefolch fan in fúzje fan AB Fryslân mei de susterorganisaasjes yn Noard- en Súd-Hollân. AB Fryslân is de eardere boerehelp. De fúzje hat gjin gefolgen foar de wurknimmers. Dy kinne gewoan yn Fryslân oan it wurk bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)