'Weryndieling is koekoeksjong'

Hans Wiegel: "Koekoeksjong..."
De nije Súdwesthoekegemeente wurdt 'in koekoeksjong yn it lân fan de ljippen'. Dêrfoar warskôge âld-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel moandeitejûn op in gearkomste yn Koudum.
Sa'n grutte gemeente heakket neat ta en boppedat hawwe doarpen lykas Wytmarsum en Wâldsein kwalik in bân meiïnoar. Neffens Wiegel ûnstiet der bestjoerlik ûnlykwichtigens as der ien grutte Súdwesthoekegemeente komt.