Beslút oer filmhûs útsteld

© Omrop Fryslân
Der is noch gjin beslút nommen oer festiging fan it Frysk Filmhûs yn it nije Frysk Museum op it Ljouwerter Saailân. Dat soe moandeitejûn barre, mar it kolleezje fan B en W hat it útstel weromlutsen. De gemeente en de oannimmers binne it noch net hielendal iens.
Nije wike moandei leit der in deeglike finansjele ûnderbouwing ûnder it plan en kin de ried ja of nee sizze. It filmhûs en it Frysk Museum wolle graach byelkoar yn ien gebou.