Alves bringt beker werom

23 mrt 2009 - 22:08

Ald-Hearrenfeanspiler Afonso Alves hat der einlik foar soarge dat de beker fan "de bêste spiler fan it jier" werom is op It Hearrenfean.

Alves waard yn it seizoen 2006/2007 útroppen ta bêste spiler fan it jier. Mar doe´t er ferkocht waard oan Middlesbrough naam er de beker mei nei Brazilië. Dêrtroch krige Danijel Pranjic ferline jier in replika, doe´t hy spiler fan it jier waard. Pranjic syn namme sil no dochs noch byskreaun wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)