Stopljocht Sumar noch stikken

23 mrt 2009 - 17:39

De provinsje hat noch gjin oplossing fûn foar de steuring fan de stopljochten op de Garyperhoeke. Dat is de krusing fan de provinsjale diken N356 en N913 by Sumar. De stopljochten falle de lêste wiken wol gauris samar út. Dan knipperje de ljochten automatysk oranje.

Der binne al ûnderdielen fan de ynstallaasje ferfongen, mar dat hat noch net foar in definitive oplossing soarge. As de stopljochten it net dogge, jilde de gewoane regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)