Akten boargerlike stân on-line

Fan moandei ôf binne berte-, houliks- en ferstjerakten fan santjin Fryske gemeenten online te besjen. It giet dan om in scan fan de orizjinele akten en se binne foar elkenien tagonklik op de site allefriezen.nl. It wurk en jild dat yn de digitalisearring stutsen is, komt fan de dielnimmende gemeenten sels. Moandei waard de site ´iepene´ troch histoarysk sintrum Tresoar, ien fan de inisjatyfnimmers fan de website www.allefriezen.nl.