Hurde wyn: stoarmskea oan flat

De hurde wyn soarge moandei foar grutte problemen by de Linthorst Homanflat oan it Van Harinxmaplein yn Ljouwert. Der binne steigerplanken fan de 10 meter hege flat fallen en telâne kaam op ferskate balkons fan de flat.
Alle bewenners moatte yn ´e hûs bliuwe oant wis is dat der gjin planken mear nei ûnderen falle. Der is gjinien ferwûne rekke. Pas as de wyn lizzen giet, kinne de planken dy´t op ´e balkons fallen binne derwei helle wurde.