Gjin aai foar Baukje Galema

Boargemaster Galema krige noch nea in earste ljipaai...
It aaisikersseizoen is wer foarby, mar foar Flylân siet der net ien aai by. It eilân is de iennichste Fryske gemeente, dêr´t it earste aai net fûn is.
Al trije jier hat net ien eilânbewenner mear aaisocht. De lêste aaisiker fan it eilân hie der gjin nocht mear oan troch alle regels. Sneu foar boargemaster Baukje Galama. Sy hat yn har hiele karriêre noch nea in ljipaai oanbean krigen.