It giet min mei de murd

23 mrt 2009 - 11:46

It giet min mei de murd. It bistje kaam in pear jier lyn noch yn hiel Fryslân foar, mar is no yn it noardwesten ferdwûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan ´e sûchdiereferiening. Dy hat yn 2008 in telling hâlden yn hiel Nederlân. Dêrtroch kamen se derachter dat it tal murden yn de ôfrûne jierren hurd minder wurden is.

Oarsaak is ûnder oare dat yn it gebiet fan de murd te goed meand wurdt. En sa rekket it bist syn favorite sliepplakjes kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)