Erasmus-studinten thús meitsje

23 mrt 2009 - 10:56

Bûtenlânske studinten yn Ljouwert krije in Fryske jongere as begelieder om se thús te meitsjen yn it deistich libben yn Fryslân. In soad bûtenlânske studinten kleie dat se neat fan it gewoane libben yn Fryslân sjogge.

Alle jierren komme in pear hûndert bûtenlânske studinten nei de Ljouwerter hegeskoallen. Troch dy in Fryske begelieder te jaan, kinne ek Fryske jongeren yn ´e kunde komme mei bûtenlânske kultueren. De Afûk fiert it projekt út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)