Soarchbelang sammelet klachten

23 mrt 2009 - 10:40

Soarchbelang Fryslân sammelet dizze wike klachten oer it ferfier fan minsken mei in beheining. Minsken dy't ûnderfining hawwe mei oanpast ferfier nei it spesjaal ûnderwiis, sikehûs of dei-opfang, wurdt frege te melden wat der al en net goed giet.

Der wurdt in soad klage oer problemen mei it spesjale ferfier. Yn de meldwike freget Soarchbelang Fryslân ûnder oare nei de duer fan de reis, de wachttiden, de sjauffeur en de feilichheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)