Sliepkeamerbrân yn Burgum

23 mrt 2009 - 09:42

Yn Burgum hat snein brân west yn in hûs oan de Minister van den Brinkleane. De brân ûntstie om kertier foar ienen hinne yn ien fan de sliepkeamers. In healoere letter hie de brânwacht de brân al ûnder kontrôle.

Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De oarsaak fan 'e brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)