Kadaster ferlit Ljouwert

23 mrt 2009 - 08:22

Mei in feestlik moarnsbrochje namen de 55 meiwurkers fan it Ljouwerter kantoar fan it Kadaster, moandeitemoarn ôfskie fan harren wurkplak. Mei de bus setten se letter op de moarn ôf nei Grins.

Dat wurdt de iennichste noardlike festiging fan it Kadaster. Ek it kantoar yn Assen is sletten. Net alle meiwurkers ha nocht oan de ferhuzing, yn it wykein is de flage foar it kantoar op de Tesselschadestraat troch ûnbekinden healstok hongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)