Dûbele winst Jan Bos

Jan Bos
Hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne hat in bêst wykein hân. Sneon wie hy de bêste yn it kritearium 'it iepen kampioenskip fan Rotterdam'. Snein wûn er de Ronde fan Huijbergen.
Bertine Spijkerman, earder fan Sint Nyk mar no wenjend yn Meerkerk, is twadde wurden yn de Belgyske koers De Pinte. Adriëne Snijder fan Kollum waard tredde yn de wedstriid Rund um Rhede yn Dútslân.