Fjochtpartij yn borrelbus

22 mrt 2009 - 17:43

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Noardwâlde fjouwer manlju oanholden nei in fjochtpartij yn in borrelbus. By in hoarekagelegenheid yn Eesveen hiene de jongeren al rúzje krigen en dit gong yn de bus troch.

Doe't se begûnen te fjochtsjen, sette de sjauffeur de bus stil en gong de fjochtpartij bûten troch. Doe't de plysje kaam wie it wer rêstich. Twa jonges wiene by de fjochtpartij ferwûne rekke. Fjouwer jonges út Jobbegea binne oanholden en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)