Jonge oanholden foar dieverij

22 mrt 2009 - 17:30

In 16-jierrige jonge út Drachten is sneontejûn op de Stâl oanholden foar dieverij en heling. De jonge ried sûnder in helm te dragen op in scooter rjocht op surveillearjende plysjes yn boarger ôf.

Dizze sprutsen de jonge oan en doe die bliken dat er ek gjin rydbewiis by him hie. Hy krige in proses-ferbaal foar it riden sûnder rydbewiis en sûnder helm. By neifraach fan it kenteken die bliken dat de scooter stellen wie. De jonge is ynsletten yn it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)