Frou mei scootmobyl te wetter

© Omrop Fryslân
In 81-jierrige frou fan It Hearrefean is sneontemiddei mei har scootmobyl yn it wetter oan de Weversbuert bedarre. Se lei beknypt ûnder har scootmobyl, mar mei de holle boppe wetter.
Omstanners hiene har al oer de frou ûntferme en de helptsjinsten koene de frou út har benypte posysje befrije. De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Dêr moast se foar observaasje in nachtsje bliuwe.