Westra 6e yn Ronde Groene Hart

Lieuwe Westra
Lieuwe Westra is snein sechsde wurden yn de tredde Ronde van het Groene Hart. De hurdfytser fan Mûnein siet yn de finale yn in kopgroep fan sân man en hat in pear kear besocht om út te naaien. Dat slagge net, wylst syn ploechmaten Bobbie Traksel en Aart Vierhouten ek yn dy kopgroep sieten.
De einsprint waard nei 203 kilometer wûn troch de Belch Geert Omloop foar Graeme Brown en Aart Vierhouten. Wim Stroetinga fan Aldeberkeap waard njoggende.