De Jouwer ferliest fan Lienden

22 mrt 2009 - 16:03

Yn in net al te bêste wedstriid hat De Jouwer snein op eigen fjild mei 1-0 ferlern fan Lienden. De earste helte wie net om oan te sjen. Beide ploegen kamen net oan goed fuotbal ta.

Yn de twadde helte wie de ploech fan Hans Kraay junior sterker as De Jouwer. Solomon Caulley makke yn de 37ste minút fan de twadde helte de winnende treffer foar Lienden. De Jouwer hat no achttjin punten út santjin wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)