Aaisykseizoen foarby

22 mrt 2009 - 10:28

Der meie dit seizoen yn Fryslân gjin ljipaaien mear meinaam wurde. Yn de rin fan sneintemoarn waard it fêststelde kwotum fan 6.431 aaien berikt. Aaisikers krigen dat fia in sms te hearren. Sy moatte har no dwaande hâlde mei neisoarch.

It earste offisjele ljipaai waard fûn op 9 maart yn de greiden by Tsjom. In dei earder waard ek al in ljipaai fûn, mar dat waard ôfkard omdat de finer it net mei in sms oanmeld hie. Dat wie dit jier foar it earst ferplichte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)