Ekstra wetterlieding Flylân

Flylân krijt der in ekstra wetterlieding by. Dy giet ûnder de Badwei troch nei de fakânsjehûskes yn Duinkersoord en nei hotel Seeduyn. De ekstra lieding is nedich omdat de besteande lieding de grutter wurdende fraach nei wetter net mear oankin.
De fraach nei wetter nimt ta omdat hieltyd mear fakânsjehúskes in lúkse badkeamer krije. De ekstra lieding moat ek foarkomme dat it gebiet sûnder wetter komt te sitten, mocht de besteande lieding knappe.