Wetteroerlêst Julianapark

22 mrt 2009 - 08:25

It opknapte Julianapark yn Boalsert hat te krijen mei wetteroerlêst. Yn perioaden mei rein bliuwt der wetter op de kuierpaden stean. Om dat probleem op te lossen pleatst de gemeente meikoarten ôffierputsjes.

Yn it Julianapark is de ôfrûne tiid ûnder oare de roazetún yn eare hersteld en de beplanting fernijd. Letter dit jier krijt de haadyntree noch in opknapbeurt en komt der in foljêre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)