Sjinkie Knegt oan de lieding
Sjinkie Knegt fan Bantegea giet nei de earste dei fan it nasjonale kampioenskip shorttrack yn Zoetermeer tegearre mei Niels Kerstholt oan de lieding. Knegt wûn de 500 meter, Kerstholt de 1500 meter. Beide shorttrackers ha no 55 punten.
Foar Daan Breeuwsma fan Aldeboarn ferrint it NK net goed. Breeuwsma is siik en moast de striid opjaan.