Aaisykseizoen hast foarby

Durk Hovenga fan Marsum wie al betiid yn it lân
It aaisykseizoen is sa goed as foarby. Der binne freed en sneon tûzenen ljipaaien fûn, sadat de limyt fan 6400 aaien hast yn sicht is. Wa't der no noch by wêze wol, moat betiid op 'en paad. De echte ljipaaisikers giene sneon al ier en betiid it lân op.
As it aai nûmer 6431 fûn is, begjint de neisoarch.