Piter Wilkens as dampriis

21 mrt 2009 - 15:49

De dielname oan it kampioenskip Frysk damjen foar froulju foel sneon ôf. Acht froulju gongen de striid mei-inoar oan yn it doarpshûs fan Lollum. Foar de winneres stiet der in opmerklike priis klear: in privee-optreden fan 'e Fryske trûbadoer Piter Wilkens.

By it earste kampioenskip trije jier ferlyn dienen der noch 22 spylsters mei. Doe wie de earste priis in racefyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)