Stapper slein mei broekriem

21 mrt 2009 - 14:04

In 20-jierrige Ljouwerter hat yn 'e nacht fan freed op sneon op it Ruterskertier slein mei syn broekriem. Yn in kafee yn de Doelestege hie de man spul krigen mei in 30-jierrige man út Britsum. Op it Ruterskertier kaam it ta in fjochtpartij tusken beide, werby de Ljouwerter syn broekriem brûkte om de Britsumer te slaan.

De Ljouwerter naaide by in maat achter op 'e fyts út. De plysje koe him yn de Alde Lombardstege oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)