Kursus foar himmelders

21 mrt 2009 - 13:45

De gemeente Ljouwert is begûn mei in kursus foar selsstannich ûndernimmende skinmakkers. Dy is bedoeld foar minsken dy't no yn 'e bystân sitte. Yn trije moannen leare de kursisten de kneepkes fan it skinmeitsjen en hoe't se in bedriuw opsette moatte.

In pear jier ferlyn wiene der fanwege de hege kosten hast gjin kânsen foar saneamde wite wurksters. Dat is troch de grutte fraach no oars. Foar partikulieren kostet it himmeljen 15 euro yn 'e oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)