Van der Werf nije Wâlddichter

21 mrt 2009 - 12:55

Sytse_van_der_Werf is de earste Wâlddichter. Hy waard freed útkeazen yn 'e Herfoarme tsjerke fan Twizel. Dêr joech er mei seis oare gadingmakkers in optreden. It publyk koe de bêste útkieze.

Yn neifolging fan de ferskate stêdsdichters hat de gemeente Achtkarspelen, lykas earder ek Dongeradiel, in dichter beneamd om feestlikheden en heuglike barrens fan in gedicht te foarsjen. De Wâlddichter is oansteld foar twa jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)