Krityk op bûtenlânske wurkers

21 mrt 2009 - 12:50

Schatzenburg yn Menaam wurdt bewenne troch tritich bûtenlânske arbeiders dy't soargje foar fersmoarging en oerlêst. Dat fynt de nije feriening fan eigners. De gemeente moat yngripe, want seizoensarbeiders net op in rekreaasjepark ferbliuwe, sizze se.

De gemeente wol no it bestimmingsplan oanpasse. In grut part fan 'e húske-eigners hat gjin hinder fan 'e wurkers. Se wolle net dat it plan oanpast wurdt. Dan meie se der sels ek net it hiele jier yn it park ferbliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)