Ferlies foar SC Hearrenfean

20 mrt 2009 - 22:35

SC_Hearrenfean hat freedtejûn foar it earst sûnt sân wedstriden wer ris ferlern. De ploech fan trainer Trond Sollied gie by de nûmer lêst, De Graafschap, mei 2-0 ûnderút. De earste goeie kâns wie foar Roy Beerens, mar hy stuite op keeper Erik Heijblok.

Oan de oare kant foel de goal wol fuortendaliks fia Ben Sahar. Yn de twadde helte gie Hearrenfean manmachtich op syk nei de lykmakker, mar út in kounter bepaalde Peter Jungschläger de einstân op 2-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)