Zonderland nei finale op rek

© Omrop Fryslân
Turner Epke_Zonderland fan De Lemmer hat freed yn it Dútske Cottbus de finale op de rekstôk helle. Hy einige as sechde tidens de kwalifikaasje fan de wrâldbekerwedstriid. Zonderland helle nettsjinsteande in skouderblessuere in skoare fan 15,033.
Ek de Nederlanner Jeffrey Wammes helle de finale op it rek. Herre_Zonderland koe net oertsjûgje op de brêge. Hy behelle in skoare fan 12,833 en einige dêrmei op it 19e plak.