SC Cambuur ferspilet 3 punten

SC_Cambuur hat freedtejûn djoere punten lizze litten tsjin AGOVV. Yn eigen hûs kamen de Ljouwerters net fierder as 2-2. Yn de earste helte kaam Cambuur op in 2-0 foarsprong. Danny Guijt en Ruud_ter_Heide makken de goals.
Yn de twadde helte joech de ploech fan trainer Stanley Menzo de wedstriid folslein út hannen. Fiif minuten foar tiid skeat Dries Mertens in penalty binnen. Krekt foar tiid bepaalde Nacer Chadli de einstân op 2-2.