Prinslik pear helpt yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Prins Bernhard en Prinses Annette hawwe freed in besite brocht oan Het Bolwerk yn Dokkum. Dêr holpen se by it meitsjen fan iten foar jonge mantelsoargers. Dy kamen byelkoar op inisjatyf fan Fawaka, in projekt fan de Stichting Welzijn Dongeradeel.
It Prinslik pear kaam nei Dokkum yn it ramt fan Make a Difference Day. Dy dei is bedoeld om minsken waarm te krijen foar frijwilligerswurk. Yn Fryslân dogge njoggentich organisaasjes mei oan de dei.