Plysje fertocht fan bernerôf

20 mrt 2009 - 16:56

In plysjeman (55) út Ljouwert wurdt derfan fertocht dat er yllegaal in lyts famke út de Filipinen meinaam hat. De frou fan 'e plysjeman krige ein 2006 yn dat lân in poppe yn de hannen drukt. It echtpear hat dêrnei formulieren regele om it famke nei Nederlân te heljen, mar neffens justysje soe dêrmei sjoemele wêze.

De plysjeman en syn frou, dy't sels Filipynse is, sizze dat se mei in goed hert hannelen en neat ferkeards dien ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)