CO2 opslaan yn lege gasfjilden

© Omrop Fryslân
De Europeeske ministers hawwe Nederlân 180 miljoen euro jûn foar de opslach fan CO2 yn de grûn. De noardlike provinsjes wolle al langer jild fan Europa foar de opslach fan CO2. It is it doel om it op te slaan yn lege gasfjilden. No't der jild fan Europa beskikber is, kin it noarden in bydrage foar de plannen freegje.
Yn Barendrecht en Geleen binne ek plannen foar de opslach fan CO2, mar dêr is de opslachkapasiteit lytser as yn de plannen yn it noarden.