Twadde houten brêge yn Snits

20 mrt 2009 - 15:27

Snits krijt in twadde houten brêge. Dy komt by de Molenkrite oer de A7. De brêge wurdt 4,5 meter smeller as de besteande brêge. Dat is omdat der gjin fytspaad oerhinne hoecht. As de buert dat wol, kinne fytsers foar de oerstek troch in fytstunnel by de Molenkrite.

De twadde brêge is ek in ûntwerp fan OAK-arsjitekten en de bou wurdt dien troch itselde bedriuw as by de earste. De nije brêge moat nei de simmer fan takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)