Mooglik mear drugsoanhâldings

20 mrt 2009 - 14:32

De plysje slút net út dat it ferskate minsken oanhâlde sil yn 'e saak fan de hannel yn harddrugs. Twa ynwenners fan Kollumersweach binne tongersdei oanhâlden fanwege dy hannel yn harddrugs.

By hússikings waarden speed en nei alle gedachten ketamine fûn. Benammen oer dy lêste drug makket de plysje him soargen. Ketamine is in narkoazemiddel foar minsken en bisten. It is tige ferslaavjend. De manlju fan 51 en 40 jier sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)